Spesjalisaasje yn sikehûs

22 sep 2010 - 11:50

Fryske streeksikehûzen moatte har spesjalisearje om de besunigingen fan it ryk te oerlibjen. Dat seit Diana Monissen fan De Friesland. Kommissaris Jorritsma sei tiisdei noed te hawwen oer de takomst fan de Fryske sikehûzen.

It demisjonêre kabinet, mar ek it mooglik nije regear, wol besunigje op de soarch. Neffens Monissen fan de soarchfersekerder moatte de sikehûzen ôfprate watfoar spesjalisaasjes se yn de takomst oanbiede sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)