Spesjale ynformaasjejûn oer mooglike needopfang Feanwâlden

18 feb 2016 - 15:08
  • Oan de rjochterside fan dit paad komt mooglik de needopfang

Dantumadiel ferwachtet tongersdeitejûn tusken de 100 en 200 omwenners by in spesjale ynformaasjejûn oer de needopfang foar flechtlingen yn Feanwâlden. Dy ynformaasjejûn is yn Talmahoeve. Yn prinsipe binne allinnich de direkte omwenners fan de needopfang op bedriuweterrein De Swette dêr wolkom. Dy binne tongersdeitemoarn útnûge mei in brief. Takom wike woansdei folget noch in jûn oer de flechtelinge-opfang, dêr kinne alle ynwenners hinne.

300 flechtlingen

Dantumadiel is fan doel om in stik lân oan de Feintensloane, tichteby de spoartunnel beskikber te stellen foar de opfang fan 300 flechtlingen. Dy grûn is yn hannen fan de gemeente; gebouwen steane der noch net. It doarpsbelang fan Feanwâlden is woansdei al ynljochte oer de plannen fan de gemeente. Ek it doarpsbelang fan Noardburgum is ynljochte, omdat in part fan it bedriuweterrein ûnder dat doarp falt. 

Omwenners

Direkte omwenners kinne tongersdeitejûn yn Talmahoeve fragen stelle oan de gemeente, mar ek flechtlingewurk en de plysje binne der by. 

Takom wike

De ynformaasjejûn foar alle ynwenners fan Feanwâlden is takom wike yn de sporthal oan de Ljurkstrjitte, fan 16.00 oant 19.00 oere. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)