Spesjale tsjinst jubileum paus

16 okt 2003 - 00:00

Yn de Ljouwerter Johannes de Doper- tsjerke is jûn in spesjale tsjinst ter eare fan it 25-jierrich jubileum fan de paus. De tsjinst yn Ljouwert is de ienige yn Fryslân, wol hat de roomse tsjerke fan Boalsert ek omtinken jûn oan it jubileum tidens de reguliere mis.

Yn Rome steane fan tongersdei ôf in hiele wike festiviteiten op it programma. Sa'n 25-jierrich jubileum is mar trije kear earder foarkommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)