Spesjale tsjerketsjinst Dronryp

18 apr 2006 - 13:18

Yn Dronryp wurdt snein 30 april in spesjale tsjerketsjinst holden foar de betinking fan de ramp yn Tsjernobyl. Op 26 april is it 20 jier lyn dat de kearnsintrale dêr ûntplofte.

De betinkingstsjinst yn Dronryp wurdt holden yn d'Alde Wite, de eardere herfoarme tsjerke. It giet om in inisjatyf fan de wurkgroepen Dronryp en Stiens fan de Stichting Rusland Kinderhulp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)