Spesjale strjitkrante foar bern

07 jan 2004 - 00:00

Ferkeapers fan strjittekrante De Riepe ferkeapje dizze wike ek in spesjale bernekrante. Yn it blêd steane ferhalen oer dak- en thúsleazen, puzzels en in kleurplaat. De bernekrante wurdt 1 kear útjûn en wurdt makke mei finansjele stipe fan de grafyske sektor yn ús lân.

De strjittekrante foar bern kostet twa euro. Ien dêrfan is foar de ferkeaper. De goed tweintich Riepe-ferkeapers yn Fryslân binne optein oer it ferskinen fan de bernekrante.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)