Spesjale skûtsjestriid yn Grou

06 feb 2009 - 19:47
  • It skûtsje fan Ljouwert nimt it op tsjin Grou yn in spesjale wedstriid

Der komt in aparte sylwedstriid foar alle skûtsjes fan Boarnsterhim en Ljouwert. Op 5 septimber sille alle SKS en IFKS skûtsjes fan dy beide gemeenten it tsjininoar opnimme op de Pikmar en de Wide Ie by Grou. De wedstriid is in idee fan boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy kaam op it idee om't beide gemeenten hieltiid faker mei-elkoar oplûke.

Ek boargemaster Schadd-de Boer fan Boarnsterhim en de silers út beide gemeente wiene entûsjast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)