Spesjale postsegel Ljouwert

22 jun 2010 - 11:07

Boargemaster Crone fan Ljouwert krijt tiisdei in spesjale postsegels fan Ljouwert oerlange. Dêr stean ûnder oare it stedhûs op, en fierders de Bonifatiustsjerke, de Achmeatoer en skouboarch De Harmonie.

De postsegels binne ûnderdiel fan de searje 'Mooi Nederland 2010'. Ljouwert is foar dit jier de lêste yn de rige fan stêden dy't de spesjale postsegels krigen hawwe. Earder wiene Middelburg en Maastricht al oan bar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)