Spesjale oanpak winkelstellerij

29 okt 2003 - 00:00

Undernimmers en plysje yn de gemeente Harns pakke mei-inoar it probleem fan 'e winkeldieverij oan. In soad winkeliers dogge gjin oanjefte as der wat stellen is. It projekt 'Samen veilig ondernemen' moat dêr feroaring yn bringe.

Doel fan 'e gearwurking is de kommunikaasje tusken de ûndernimmers en de plysje te ferbetterjen. Op oare plakken yn Fryslân rint it projekt al in skoftsje mei súkses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)