Spesjale miljeuamtners beneamd

12 jan 2001 - 17:58

Tsien opsjenners fan Wetterskip Fryslân en Rykswettersteat binne freed beneamd ta bûtengewoan opspoaringsamtner. Dat betsjut dat se oertreders fan miljeuregels fuortendaliks in boete jaan meie.

De belutsen ynstânsjes wolle sa fersmoarging fan it wetter tsjingean. It giet bygelyks om it loazen fan oalje, it fuortsmiten fan blikjes of it rinne litten fan dong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)