Spesjale Keningsdei-optocht yn Beetstersweach

27 apr 2015 - 11:00
  • Cornelia van Lynden
  • Keningsdei yn Beetstersweach
  • Keningsdei yn Beetstersweach

Keningsdei yn Beetstersweach stiet yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan Revalidatie Friesland. Mei in optocht fan fersierde weinen troch it doarp wurdt de skiednis ferteld fan Lyndensteyn. Mei de revalidaasje-ynstelling en Talant wurde tal fan aktiviteiten organisearre lykas ringstekke yn rolstuollen op in hindernisbaan. Ek is der in bradery, rommelmerk en spultsjes foar de bern.

De soarchynstelling Lyndensteyn is in begryp yn Beetstersweach. In soad minsken binne dêr in nij libben begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)