Spesjale kaart Waadgebiet wurdt presintearre yn Noarderleech

13 jun 2015 - 09:35
  • In fragmint fan de nije Wad-ontdekkingskaart

In spesjale kaart moat minsken der op wize dat it Waadgebiet grutter is as allinne de Waadsee. De saneamde Wad-ontdekkingskaart lit sjen wat der oan bisten fan de Noardsee it Waadgebiet yn giet en fia de Waadsee yn bygelyks de Fryske Marren of Drinte bedarret. De kaart is in insjatyf fan ûnder oare de noardlike provinsjes, in tal natuerorganisaasjes en angelsportferienings.

Omdat dy de kaart betelle hawwe, kin er fergees ôfhelle wurde by ûnder oare de VVV's. De kaart wurdt sneon offisjeel presintearre yn it Noarderleech.

Dat bart by de start fan it wrâlderfguodwykein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)