Spesjale flagge by troanwiksel

29 jan 2013 - 08:05
  • Spesjale flage Beatrix en Willem-Alexander

De Dokkumer Vlaggen Centrale presentearret tiisdei in spesjale flagge by gelegenheid fan de troanswikseling. It ûntwerp foar de betinkingsflagge lei al in pear wike klear. Neffens de DVC fertsjinnet dit momint in bysûnder flagge. Se ferwachtsje dat der in soad belangstelling foar wêze sil, fan partikulieren likegoed as fan it bedriuwslibben.

Op de flagge stean Beatrix en Willem-Alexander mei it profyl fan harren gesichten. It Dokkumer bedriuw makket al sûnt 1936 flaggen by bysûndere mominten yn de keninklike famylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)