Spesjale flagge foar Kanadeeske feteranen

04 maaie 2015 - 13:04
  • De spesjale befrijingsflagge
  • Feteraan krijt spjeldsje
  • Kommissaris Jorritsma mei in Kanadeeske feteraan

De Kanadeeske feteranen dy't yn Fryslân te gast binne, hawwe moandei in spesjale flagge krigen fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma. De flagge bestiet foar de iene helte út de Fryske en de oare út de Kanadeeske flagge. De feteranen kinne him by spesjale gelegenheden hise; lykas op 15 april, de Fryske befrijingsdei.

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat de Kanadezen in draachynsinje opspjelde. Dat is in oranje Ljouwerter liuwke dat spesjaal foar dizze gelegenheid makke is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)