Spesjale ferkiezingskampanje

16 maaie 2013 - 21:08
  • Stimme

In aparte kampanje moat derfoar soargje dat de ynwenners fan Ljouwert, Boarnsterhim en Hearrenfean en op 13 novimber manmachtich nei de stimbus gean. De ynwenners fan dy gemeenten kieze dan in nije gemeenteried om't harren gemeente op 1 jannewaris 2014 weryndield wurdt. Ien op de trije Friezen mei op 13 novimber stimme. Omdat dy datum oars is as yn de rest fan Nederlân, komme de gemeenten mei in aparte promoasjekampanje op radio, televyzje en ynternet. Der wurdt ek neitocht oer publyksaksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)