Spesjale CD foar hûnen

06 sep 2000 - 13:33

It Ljouwerter bedriuw Libre hat in CD foar hûnen útbrocht. Op de CD steane lûden dêr't hûnen benaud foar binne. Mei it skyfke kinne hûnen traind wurde.

Op de CD steane 37 ûnderskate lûden lykas in gûlende poppe en in sirkelseage. As de hûnen oan de lûden wend binne, sille se minder gau út benaudens om har hinne bite, sa seit inisjatyfnimmer Frank van Dulmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)