Spesjale anti-ramkreak-pealtsjes

24 mrt 2004 - 00:00

Yn de fernijde Midstrjitte op 'e Jouwer binne spesjale pealtsjes tsjin ramkreaken pleatst. It is foar it earst yn it lân dat sokke pealtsjes brûkt wurde by winkels dy't weardefol guod ferkeapje.

De pealtsjes binne ûnderling ferbûn mei in metalen konstruksje ûnder de grûn. As in auto in peal omfier ride wol, dan wurdt er omheech drukt troch in stik izer. De konstruksje is betocht troch projektlieder Niek Venema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)