Spesjaal loket foar ûndernimmers

11 feb 2005 - 13:19

De gemeente Achtkarspelen moat in ûndernimmersloket oprjochtsje. Dat advys jout de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. Studinten fan dy skoalle ha in enkête holden oer it ekonomysk belied yn Achtkarspelen.

In tal ûndernimmers is hiel min te sprekken oer de gemeente. Sy fine dat se troch alle oerheids-regels te folle tsjinwurke wurde. Achtkarspelen krijt in 6,1 as rapportsifer fan de ûndernimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)