Spesjaal les heechbegaafden

06 mrt 2008 - 19:34

It Piter Jelles gymnasium yn Ljouwert krijt freed in sertifikaat foar it lesjaan oan bern mei in heech IQ. Dit betsjut dat op de skoalle spesjale oandacht en soarch jûn wurdt oan bern dy't better presteare en mear lesmateriaal oankinne as at oanbean wurdt yn de lessen.

Der binne ekstra programma's en fakken. Foar de âldste learlingen is der de mooglikheid om te proefstudearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)