Spesjaal bier foar Wier

18 okt 2007 - 20:32

It doarp Wier krijt syn eigen bier. It spesjale bier is makke om de dielname fan de Wierster tsjerke oan it tillefyzjeprogramma De Restauratie fan de AVRO te stypjen. Deryn makket de tsjerke kâns op goed 1 miljoen euro om it gebou op te knappen.

It nije bier, dat de namme 'Wierster Kattemiich' krigen hat, wurdt nije wike tiisdei yn doarpshûs D'Ald skoalle presentearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)