Spesjaal ûnderwiis op beurs

13 mrt 2012 - 21:20

De iepenbiere skoallen foar fuortset spesjaal ûnderwiis steane nije wike op de Bedriuwekontaktdagen om harren learlingen ûnder de oandacht fan bedriuwen te bringen as takomstich personiel. Op 20 en 21 maart wurdt de sakebeurs yn Ljouwert hâlden. Gewoanwei binne de standhâlders ûndernimmers, mar de skoallen yn it spesjaal ûnderwiis hoopje dat sy op de beurs harren learlingen promoatsje kinne. Dy kinne dreech wurk fine, omdat wurkjouwers net bekend binne mei de mooglikheden en beheinings fan learlingen út it spesjaal ûnderwiis.

Under oare mei promoasjefilmkes op de staazjeplakken fan no moat dat feroarje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)