SP'er wol aksje tsjin aaisykjen

26 feb 2003 - 00:00

De Europeeske Kommisje moat gau it ljipaaisykjen yn Fryslân ferbiede. Dat stelt europarlemintariër Erik Meijer fan de Sosjalistyske Partij yn fragen oan de Europeeske Kommisje. Meijer ferwiist dêrby nei artikel 5 fan de Europeeske Fûgelrjochtline.

It ljipaaisykjen soe neffens artikel 5 strang ferbean wêze. Neffens Meijer is it goedkarren fan it aaisykjen yn de Nederlânske Floara- en Faunawet yn striid mei dat Europeeske artikel 5.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)