Spektakel sneldyk mei bejaarde

20 feb 2006 - 10:10

De plysje yn Flevolân hat sneon op de sneldyk A6 in opfallende dykpirate oanhâlden. In 79-jierrige frou út Drachten kaam mei in faart fan sa'n 180 kilometer yn it oere foarby riden by Bant yn de Noard-Eastpolder.

Se reagearre net op stoptekens en helle rjochts yn. Pas neidat der twa motorplysjes ynsetten waarden, koe de frou by Lelystêd oanhâlden wurde. Sy moast har rydbewiis ynleverje. It is net bekend wêrom sy sa hastich wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)