Spektakel by Jong Hearrenfean

25 okt 2010 - 22:13
  • De tribunes sieten fol by Jong Hearrenfean - Jong Ajax (foto's: Martin de Jong)

Jong Hearrenfean/Emmen hat yn in spektakelwedstriid mei 5-2 wûn fan Jong Ajax. Yn it Abe Lenstrastadion, mei sa'n 15.000 meast jonge supporters, naam de thúsploech troch Samir Fazli (prachtgoal) en Enzo Huntink in 2-0 foarsprong. Nei in heal oere krige Ajax in reade kaart en miste Rico Wolven foar de Feansters de penalty.

Nei it skoft soarge Seymonson foar 3-0. It waard 3-2, mar troch Elyounoussi en opnij Seymonson waard it 5-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)