Spekjesfabryk wol troch

05 sep 2011 - 17:04
  • De direksje wol sa gau mooglik wer opbouwe

Astra Faam wol der alles oan dwaan om de 70 meiwurkers oan it wurk te hâlden. By in grutte útslaande brân is de produksjehal ferlern gien. De opslach- en ynpakhal binne noch yntakt. Dêr is genôch romte om troch te wurkjen, lykas ynpakwurk foar oare bedriuwen.

Tiisdei is der in gearkomste dêr't meiwurkers ynformearre wurde hoe't it fierder giet. De brân is nei alle gedachten ûntstien troch laswurksumheden by in droechtrommel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)