Spegels fernield yn Damwâld

05 maaie 2007 - 15:01

Yn de nacht fan woansdei op tongersdei binne goed tsien autospegels fernield oan de Haadwei yn Damwâld. Ek is der yn de fytstunnel fan Feanwâlden in deade-hoek-spegel stikken makke. Yn de Falom waard ek in autospegel fernield.

De plysje tinkt dat der noch mear gefallen binne. Der binne yn de bewuste nacht groepen fytsende jongeren sinjaleard dy't mei de fernielings yn ferbân brocht wurde. De plysje siket dêrom tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)