Spegelkarpers útset

19 nov 2010 - 12:46

Tûzen spegelkarpers binne freed en sneon rûnom yn de provinsje útset. In karperstúzjegroep docht dat mei oare organisaasjes om't de fisk mei útstjerren bedrige wurdt. De fisk wurdt ûnder oare útset yn Grou. Dêr giet it om trijehûndert kilo.

Foardat se it iepen wetter yn gean wurde de karpers woegen, registrearre en op 'e foto set. De gegevens wurde opslein foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)