Spegelkarpers útset

26 okt 2007 - 00:04

Om foar te kommen dat spegelkarpers útstjerre yn Fryslân wurdt der kommende moandei 250 kilo fan dizze soart útset yn de Snitsermar en de Terkaplester Puollen.

Dat docht de Fryske ôfdieling fan de Karper Studiegroep Nederland. It útsetten fan de fisken makket diel út fan in grutter programma. Yn 2005 en 2006 binne der ek al karpers útset yn de Leijen en de klaaifearten fan it Bilt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)