Spegel fan bus rekket famke

27 mrt 2007 - 11:39

In famke fan 14 jier út Waskemar is moandeitemiddei ferwûne rekke troch in bus. Se stie oan de Splitting yn Drachten by in bushalte te wachtsjen. Doe't de bus deroan kaam, waard it famke rekke troch de spegel. De klap kaam sa hurd oan dat it famke omfoel. Mei ferwûnings oan 'e holle is se nei it sikehûs yn Drachten brocht.

In Kollumer (25) is yn Sweagerbosk trapearre op dronken riden. Hy krige in rydferbod fan 7 oeren en in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)