Speerstra traint Wammes

04 jan 2012 - 11:55

Gerard Speerstra, de âld-trainer fan Epke Zonderland, hat de ôfrûne moanne Jeffrey Wammes traind yn de tarieding op it testevent foar de Olympyske spelen fan takom wike. Speerstra, dy't oant 2009 trainer wie fan Zonderland, hat twa dagen yn 'e wike de direkte konkurrint fan de Lemster turner bystien om syn turnprogramma te ferbetterjen.

Nij wike tiisdei moatte Zonderland en Wammes útmeitsje wa't op de Olympyske Spelen útkomme mei. Speerstra is dêr net by oanwêzich. Syn gearwurking mei Wammes wie allinnich tarieding.

Epke Zonderland en Gerard Speerstra hawwe 16 jier gearwurke en hawwe ek tegearre nei de Olympyske Spelen yn Peking west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)