Speelparadijs op Skylge

17 feb 2008 - 15:51

Skylge krijt mooglik in oerdekt speelparadijs by it swimbad by West. Sawol de útbater fan it swimbad as in partikulier ha plannen foar sa'n boartersplak. De gemeente hat in buro útsykje litten oft it yn de omjouwing past. It adfysburo fynt dat it net oan it bad fêst moat, want dan wurdt it kompleks te grut. Op it sportfjild soe wol kinne.

De gemeente wachtet no de plannen fan de inisjatyfnimmers fierder ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)