Speedboatpiraten net ferfolgje

09 sep 2009 - 11:30
  • Speedboatracers kinne net ferfolge wurde

De plysje kin foarearst net optrede tsjin de speedboatpiraten fan Jistrum. De mannen hiene op YouTube in filmke set dêr't yn te sjen wie dat se mei hege snelheid by de wâl del fearen. De minsken op de kant krigen de folle laach en waarden dweiltrochwiet.

De plysje hat oerlis hân mei it Iepenbier Ministearje om te besjen oft se de mannen ferfolgje kin, mar op grûn fan de YouTube-bylden kin dat net. De speedboatpiraten wurde wol ekstra yn de gaten hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)