Speedboatdieven trapearre

08 jun 2013 - 15:38

Twa mannen út Diever fan 44 en 24 jier binne freedtenacht oanhâlden yn Nijensleek foar de stellerij fan in speedboat yn Nijlân. In tsjûge oan de Ingenawei yn Nijlân hearde in klap, seach dat in auto hurd oanriden kaam, dat de ynsittenden in boat mei trailer út de berm hellen en achter de auto hongen. De tsjûge belle de plysje. Dy seach doe gjin oanlieding om aksje te ûndernimmen.

Letter dy nachts troffen plysjeminsken de beide manlju mei de auto en de boat oan yn Nijensleek yn Drinte. Bliken die dat it om de speedboat út Nijlân gie.

De auto, de boat en de trailer binne yn beslach nommen. Der is ek noch in alarmpistoal oantroffen yn de auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)