Speedboat-eigner ûnder ynfloed

02 jul 2008 - 12:10
  • De lokaasje fan 'e oanfarring

De eigner (39) fan de speedboat dy't yn juny tsjin in frachtskip op it PM-kanaal botste, hie 0.22 promille alkohol yn syn bloed. Dat hat justysje woansdei bekend makke. De bloedtest is fjouwer oeren nei it ûngelok ôfnommen.

It NFI sil noch berekkenje hoefolle drank hy krekt op hie doe't it ûngelok plakfûn. De man (45) dy't achter it stjoer siet, hie 1,0 promille yn syn bloed. Beide mannen út Ljouwert sitte noch fêst. By de oanfarring kaam in man (42) út Jellum om it libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)