Speedboat-dieven betrape

06 okt 2012 - 12:22

In man en in frou út Akkrum en in man fan It Hearrenfean binne freedtejûn betrape op it stellen fan in speedboat. Tsjûgen seagen twa boaten op de Hearesleat op It Fean farren. Fan ien boat waard de ynventaris, sa as de kuolkast en lûdsprekkers, oer board goaid. Op de Ljouwerterstrjitwei koe de plysje de minsken oanhâlde. De trije seine tsjin de plysje dat se de speedboat krekt kocht hiene, mar dat strykte net. De boat wie eigendom fan in man út Den Helder en lei yn it Hearrenfeans Kanaal.

De 28-jierrige Feanster sit noch fêst, de Akkrumers mochten nei ferhoar nei hûs omdat se allinne holpen hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)