Special Olympics sette útein

13 jun 2014 - 07:16
  • De opbouw fan it doarp

Wylst yn Brazilië it wrâldkampioenskip fuotbal tongersdei úteinset is, meitsje se harren op It Hearrenfean op foar harren eigen mega sportevenemint: de Special Olympics. Freed wurdt earst, lykas by dy oare Olympyske Spelen, de flam nei it stadion brocht. Dêrnei folget in wiere iepeningsseremoanje.

De regisseur fan dit alles, Michiel Florusse, is bliid dat de Special Olympics nei einlik úteinsette kinne. Der hawwe moannen fan tariedings west. Der dogge 2000 atleten mei oan de Special Olympics.

De iepening fan de Special Olympics is te folgjen op www.omroplive.nl op freed 13 juny fan 18:30 oant 20:45 oere. De hichtepunten fan de iepeningsseremoanje binne op snein 15 juny ek op Omrop Fryslân Televyzje te sjen yn in programma fan in oere. Dat wurdt útstjoerd tusken 12:00 en 13:00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)