Special Olympics freget help

29 jul 2013 - 15:49
  • Special Olympics
  • Special Olympics

De organisaasje fan de Special Olympics hat hûnderten frijwilligers nedich. Dat seit projektlieder Tjisse Wallendal. Takom jier wurdt yn Snits en op It Hearrenfean in grut sportevenemint hâlden foar minsken mei in ferstanlike beheining. Der dogge sa'n 2500 sporters mei. De organisaasje leit goed op skema. De ekstra minsken moatte sporters opfange, iten en drinken en parkearplakken regelje.

Foar de Special Olympics is in miljoen euro beskikber. Dat komt fan de provinsje Fryslân, de Special Olympics Nederland en fan oare partners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)