SPD wurdt MEE

07 nov 2003 - 00:00

De wachtlisten yn de soarch oplosse. Dat is it doel fan in reorganisaasje fan de Sosjaal Pedagogyske Tsjinst (SPD). Minsken mei in handikap kinne oer twa moannen telâne by de nije klub. De SPD giet fierder as 'MEE.' Doel is om mear minsken flugger en better troch te ferwizen nei passende soarch.

Guon soarch-oanbieders lykas de GGZ binne benaud oer de komst fan de nije organisaasje. Se tinke dat de klub har wurk út hannen nimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)