Sparta Warten 100 jier

09 maaie 2007 - 16:55
  • Allerhande sporten by it 100-jierrige Sparta

Kuorbalferiening Sparta fan Warten bestiet 100 jier en is dêrmei de âldste klup fan Fryslân. Ta eare fan dat 100-jierrich bestean hiene se woansdei sportclinics organisearre. Der wie fan alles te dwaan, sa as fierljeples fan topper Bart Helmholt. Mar ek hockeye, toulûke en pealklimme.

Nettsjinsteande de frije woansdeite- middei joegen 230 bern har op. Sparta hat noch 80 leden. Dat ha der wol 200 west doe't Sparta noch heech spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)