Sparta - Cambuur live op TV

12 jun 2001 - 00:00

Omrop Fryslân stjoert it krusiale duel Sparta - Cambuur woansdeitejûn live út op radio én televyzje. De omrop docht dit yn ko-produksje mei TV Rijnmond.

It neikompetysjeduel is allinnich by de twa regionale omroppen live te folgjen. Sjouke Lousma fersoarget it kommentaar by de wedstriid. By winst op Sparta makket Cambuur grutte kâns op promoasje nei de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)