Sparje by Ryk kostet miljoenen

03 okt 2012 - 17:57
  • Provinsjehûs Ljouwert

Om't de provinsje ferplichte wurdt by it Ryk te sparjen, rint er jierliks wol oardel prosint rinte mis. Op in spartegoed fan 800 miljoen euro bestjut dat al gau dat Fryslân elk jier 10 oant 12 miljoen euro minder sparret as wannear't de provinsje it jild op in bank sette soe.

Fryslân en de oare provinsjes wolle fan dy ferplichting ôf, sa die woansdei opnij bliken by it jierlikse kongres fan it IPO, it Inter Provinciale Overleg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)