"Sparje foar Tall Ships 2018"

01 nov 2014 - 11:49

De gemeenteriedsfraksje fan D66 yn Harns wol sparje om de Tall Ships Races 2018 mooglik te meitsjen. Yn in enkête op ynternet freget D66 oan de Harnzers oft se tsien euro yn it jier bydrage wolle. Dat soe op sân ton útkomme. Al 180 minsken ha reagearre en 73 prosint dêrfan is posityf. It jild moat fia in spesjale belesting ophelle wurde.

De gemeenteried beslút tiisdei oft Harns de útnoeging oannimt om Sail 2018 te organisearjen. Dit jier moast de gemeente rom acht ton betelje en dat fine in soad riedsleden en Harnzers tefolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)