Spanningen yn skûtsjewrâld

07 jan 2014 - 14:09
  • SKS Skûtsjesilen Earnewâld 2013

De diskusje oer de profesjonalisearring fan de SKS-float sa't dy no spilet by Langwar, is net nij, sa seit saakkundige Klaas Jansma. Der is faker sprake fan spanningen tusken de lokale kommisje en de skûtsjeskipper. Ferline wike stapte Jaap Zwaga op as skipper fan it Langwarder skûtsje, fanwege ferskil fan ynsjoch tusken kommisje en skipper.

Neffens Jansma hawwe foaral skippers dy't yn de binnenfeart aktyf binne it dreech. Sy kinne it wurk faak net kombinearje mei de ekstra trainings op it skûtsje.

Neffens Jansma sil dizze diskusje der altyd bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)