Spanning yn Kollum en Bûtenpost

25 jan 2006 - 10:31

Yn Kollum en Bûtenpost wurdt mei spanning it ûndersyk yn de Aldwâldster sedesaak ôfwachte. De famyljes fan de famkes dy't dêr oanrand binne yn oktober ferline jier, hoopje op in flugge oplossing fan de saak.

Op dit stuit ûndersiket justysje oft de fertochte (25) fan de ferkrêfting fan in famke yn Aldwâld ek ferantwurdlik is foar de oare oanrandings. De âlders fan de slachtoffers hoopje fan wol, sadat se in punt sette kinne achter it drama.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)