Spanning om lânstitel nimt ta by follybalsters VC Snits

23 apr 2015 - 14:36
  • De froulju fan VC Snits

De follybalsters fan VC Snits kinne sneontejûn histoarje skriuwe. Foar it earst sûnt 1992 kin de Nederlânske titel wer binnen helle wurde. Dan moat der yn eigen hûs wûn wurde fan Eurosped út Almelo. De spanning nimt ta by de seleksje, mar ek foar de trainingsstêf en it management binne it drokke dagen foar de sportive klimaks fan it seizoen.

Gewoanwei is der plak foar 800 man, mar sneon wurdt der ekstra romte frijmakke. Sneontejûn om healwei achten set it duel útein, en by winst kin it feest losbarste.

Omrop Fryslân stjoert de wedstriid live út op tillevyzje en radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)