Spanning nimt ta foar KH2018

19 aug 2013 - 20:41
  • Gearkomste fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018

De spanning nimt ta foar de organisaasje fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Oer 17 dagen makket de sjuery bekend oft Ljouwert, Eindhoven of Maastricht de titel kriget. De kommende wiken wurde noch tal fan eveneminten organisearre. Sa bin op de Uitmarkt yn Ljouwert foarpriuwkes te sjen fan it programma en krije alle Friezen takom wike in spesjale krante mei tekst en útlis oer de plannen foar 2018. Op 2 septimber komt de sjuery del yn Ljouwert foar in soarte fan ynspeksje.

Op 5 septimber moat Ljouwert noch in presentaasje jaan en in dei letter wurdt de útslach bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)