Spanning by manlju op NK

05 jan 2013 - 19:32
  • Michel Mulder

De spanning by de manlju op it NK sprint yn Grins is geweldich grut. Nei de earste dei giet Michel Mulder oan de lieding nei winst op de 500 meter yn 35.45 en in tredde plak op de 1000 meter yn 1.10.50. Op 0.01 sekonde folget Hein Otterspeer dy't fjirde waard op de 500 en twadde op de 1000 meter. Dêr wer krekt achter stiet de regearend kampioen Stefan Groothuis dy't de 1000 meter wûn yn 1.10.21. Jan Smeekens, twadde op de 500 meter, sakke nei it sânde plak troch in alfde plak op de 1000. Sjoerd de Vries is njoggende, Jesper Hospes alfde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)