Spanning by famylje Vaatstra

27 mrt 2013 - 16:06
  • Marianne Vaatstra

De famylje Vaatstra libbet mei spanning ta nei de dei fan tongersdei. Dan krije se it ferhaal te hearren fan de gewelddiedige dea fan harren dochter en sus Marianne.

Tongersdei begjint de rjochtsaak tsjin de 45 jierrige Jasper S. Hy wurdt ferantwurdlik hâlden foar de dea fan de 16-jierrige Marianne. It binne drege dagen, seit Willem van der Veen. Hy is troud mei de jongste suster fan Marianne en krekt as de fertochte Jasper S., ynwenner fan Aldwâld. De rjochtbank hat twa dagen foar de saak útlutsen.

Dus as it nedich is, giet de behanneling freed fierder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)