Spanning by Cambuursupporters

22 mrt 2006 - 00:00

Sawat 150 Cambuursupporters wachtsje foar it stedhûs yn Ljouwert yn spanning de útkomst fan in oerlis ôf. De gemeente praat mei in groep fan fjouwer ynvestearders oer de takomst fan de fuotbalclub.

De fjouwer wolle de grûn ûnder it stadion keapje om de club te rêden. Dat mei allinnich as de eventuele winst dêrnei werom giet nei de gemeentekas. Dy winst wolle de fjouwer brûke om de skulden fan Cambuur ôf te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)