Spannendste SKS-finale yn jierren op de Snitser Mar

31 jul 2015 - 12:27
  • It skûtsje De Oeral Thús fan De Jouwer

De spanning rint op op de Snitser Mar. Freedtemiddei wurdt dêr de finale syld fan de SKS. Der binne twa kânshawwers foar de titel en dy steane ôfgryslik ticht byinoar: De Jouwer en Langwar. De Jouwer stiet foarôfgeand oan de finalewedstriid op nûmer ien, mei 22,8 punten. Langwar hat in achterstân fan mar 0,2 punt.

As beide skûtsjes freed yn de top 6 einigje, dan is de winner fan de ûnderlinge striid ek de SKS-kampioen. Dat hat te krijen mei de regel dat de minste wedstriid ôflutsen wurde mei fan it einresultaat.

As De Jouwer en Langwar bûten de top 6 einigje, moat op 'e nij rekkene wurde. It skûtsjesilen is freedmiddei - fansels - streekrjocht te folgjen by Omrop Fryslân op radio, tv en ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)