Spannende dei meiwurkers NDC

26 jun 2013 - 20:57

750 meiwurkers fan de Noordelijke Dagblad Combinatie krije tongersdei te hearren oft se noch in takomst hawwe by it bedriuw. By de mediagroep, dêr't it de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden ûnder falle, ferdwine dit jier 200 banen. De minsken dy't harren baan ferlieze kinne net rekkenje op in soad jild.

Yn it sosjaal plan is ôfpraat dat de eks-meiwurkers net mear krije as 15 persint boppe op de WW-útkearing. De fakbûnen binne der net bliid mei, mar binne dochs akkoart gien.

Mear siet der neffens harren net yn, om't de NDC gewoan gjin jild mear hat. Neffens it fakbûn hawwe de wurknimmers der ek neat oan as it bedriuw omfalt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)